Undersyk takomst Kollumerlân

12 okt 2007 - 07:59

De gemeenteried fan Kollumerlân wol dat it kolleezje foar 1 jannewaris 2008 mei in plan fan oanpak komt foar in ûndersyk nei in gemeentlike gearwurking of weryndieling.

Dat is tongersdeijûn besletten yn de riedsgearkomste. Yn it ûndersyk moatte fjouwer opsjes ûndersocht wurde, bygelyks in fierdere gearwurking mei Achtkarspelen allinnich of alle gemeenten yn noardeast Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)