Ried wol fytsstrook op brêge

11 okt 2007 - 21:21

De gemeenteried fan Achtkarspelen is teloarsteld dat der gjin aparte fytsstrook oan de brêge fan Blauforlaet komt. Guon partijen wolle it op de begruttingsfergadering dêrom nochris ha oer de gemeentlike bydrage oan de op- en ôfritten fan dizze provinsjale brêge.

De ried wol fanwege de feiligens net sawol fytsers as trekkers op ien rydbaan ha. De provinsje fynt in aparte fytsstrook te djoer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)