Lulke brief Harns nei minister

11 okt 2007 - 20:28

De gemeente Harns stjoert in lulke brief oer it ferdwinen fan wichtige tsjinsten út it sikehûs nei minister Klink fan Folkssûnens. Dat sei boargemaster Paul Scheffer fan Harns tongersdei yn it programma Brekking fan Omrop Fryslân.

Fan 'e wike is bekend makke dat der fan febrewaris takom jier ôf net mear opereard wurdt yn it sikehûs yn Harns. It MCL dêr giet dan fierder as poliklinyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)