Spesjale 'Wacht' Fryske bylden

11 okt 2007 - 20:16
  • Ytzen van der Wal fan Keunstwurk foar in skansearre fontein yn Ljouwert.
  • In soad keunstwurken wurde mei graffity bespuite.

Fryske gemeenten passe net goed genôch op de keunstwurken dy't yn de iepenbiere romte steane. Dat seit stifting Keunstwurk, dy't de goed 1000 bylden yn Fryslân ynfentarisearre hat. De stifting sil dêrom no byspringe mei in spesjale 'Byldenwacht'.

Gemeenten kinne dizze Byldenwacht ynhiere om ien kear yn it jier de bylden te ynspektearen. Dy sil dan adfys jaan oer mooglike opknapbeurten foar de keunstwurken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)