Tjoelker-argyf oerdroegen

11 okt 2007 - 17:55
  • Meindert Tjoelker kaam tsien jier lyn om it libben by in fjochtpartij

De heit en mem fan Meindert Tjoelker ha tongersdei it argyf oer de dea fan har soan oerdroegen oan it stedsargyf yn Ljouwert. De famylje hat fan alles bewarre. It giet ûnder oare om kranteknipsels, kaartsjes en brieven fan minsken dy't de Tjoelkers stypje woene.

De famylje hie alles sels yn doazen en mappen bewarre. It guod wurdt no opslein yn it argyf. In part fan de kolleksje sil ek permanent te sjen wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)