Gjin beslút Suderseespoar

Minister Eurlings hat opnij gjin beslút naam oer it Suderseespoar
Der is noch hieltyd gjin dúdlikens oer de takomst fan it Suderseespoar. Minister Eurlings fan Ferkear soe tongersdei útslútsel jaan mar hat dat net dien. De krekte reden is net bekend.
It bliuwt de fraach wannear't der wol mear dúdlikens komt oer de rappe ferbining tusken de Rânestêd en it Noarden. De minister wol earst witte wat it Noarden mei it jild foar it spoar wol, as dat der net komt.