Ofspraken oer levering gas

© Omrop Fryslân
Smellingerlân hat earder makke ôfspraken oer de befoarrieding fan de acht LPG-tankstasjons yn de gemeente ferlingd. Op grûn fan ûndersyk binne yn 2005 rûtes ôfpraat dy't sjaufeurs fan gasleveransiers strang neilibje. Sa moatte de risiko's fan it ferfier sa lyts mogelik wurde.
De gemeente soarget dat dizze rûtes goed berikber binne en bliuwe. By wurksemheden wurde ferfierders dêroer ynformeard.