Biltse soargen oer sâltwinning

11 okt 2007 - 15:21

It Bilt makket him soargen oer mooglike sâltwinning yn de gemeente. It sâltfabryk Frisia hat plannen om op it Bilt te boaren nei sâlt. Dêr is Menameradiel ek foar yn byld. Frisia boarret no noch yn Frjentsjerteradiel. Mar as it sâlt dêr op is, moatte der nije putten komme.

Yn Frjentsjerteradiel soarget de sâltwinning foar in soad diskusje, trochdat de grûn op plakken flink fersakket.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)