Iepen dei ferslavingssoarch

© Omrop Fryslân
Belangstellenden kinne dit wykein in besite bringe oan ferskate lokaasjes fan Ferslavingssoarch Noard Nederlân. Dy hat dan in iepen dei.
Yn Ljouwert binne de ferslavingsklinyk oan de Oostergowei en it begelaat wenkompleks oan it Cambuursterpad iepen. Minsken kinne sa sjen hoe't it libben derút sjocht fan persoanen mei in ferslaving. Fierder binne der filmkes en kinne minsken de metadonbus besjen.