Skeel om tillefyzjeprogramma

10 okt 2007 - 22:13

De ynwenners fan Wier binne lulk op de stifting âlde Fryske tsjerken. Se soene net wolkom west ha by de opnames foar it programma Bankgiro Loterij Restauratie yn it doarp. Dêryn makket de stifting kâns op in miljoen euro om de tsjerke yn Wier op te knappen.

Doarpsbelang hie aktiviteiten betocht om de stifting te stypjen, mar krige yn in brief te hearren dat se net wolkom wiene. Neffens de stifting sels giet it om in misferstân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)