Gjin jild foar kultuer Snits

It optreden fan it Noord Nederlands Orkest luts fan 't simmer in soad folk nei Snits
It bliuwt noch ûnwis oft Snits in Cultureel Kwartier krijt. Provinsjale Steaten wolle der noch gjin jild foar jaan, omdat se de plannen net dúdlik genôch fine.
De bedoeling fan Cultureel Kwartier Sneek is om toeristen yn de simmer fan alles oan te bieden om se nei Snits te lûken en se dêr ek te hâlden. Omdat de Steaten de plannen noch net konkreet genôch fine, wolle se der noch net 2,7 miljoen euro foar beskikber stelle.