Oanhâldings foar mishanneling

© Omrop Fryslân
De plysje fan Noardeast-Fryslân hat ferline wike seis jongeren út Kollum en omkriten oanhâlden foar it mishanneljen fan twa skoalbern fan 12 jier. De fertochten binne tusken de 12 en 14 jier âld. By it bregje op it fytspaad tusken Bûtenpost en Kollum waarden de slachtoffers lestich fallen en mishannele.
De slachtoffers ha oanjefte dien. Neffens de plysje binne de fertochten diel fan in gruttere groep.