'Helje fee fan Noarderleech'

Boeren dy't fee ha yn it Noarderleech by Marrum moatte de bisten der gau weihelje. It Fryske Gea jout de boeren oant moandei de tiid om de bisten op stâl te bringen. It Fryske Gea hat dit de boeren dúdlik makke yn in brief. De natuerorganisaasje wol in nij hynstedrama lykas yn 2006 foar wêze.
Der binne op dit stuit noch in soad kij, hynders en skiep op it Noarderleech. De bisten meie der nei 15 oktober net mear rinne.