Cambuur hellet Nigeriaan Casal

© Omrop Fryslân
Cambuur hat de Nigeriaanske jeugdynternasjonal Casali Yinka Casal oanlutsen. De 19-jierrige spiler komt transferfrij nei Ljouwert. Casal hat spile yn de jeugd fan it Ingelske Fulham en hat ek yn de Amerikaanske kompetysje aktyf west by DC United.
Casal is in spiler dy't op ferskate posysjes op de linkerkant ynsetber is. Hy hat in kontrakt fan oardel jier tekene by Cambuur.