Oanhâldings nei klappen Balk

© Omrop Fryslân
De plysje hat tiisdei trije manlju oanhâlden nei de mishanneling fan in jonge (16) fan Nijemardum. De donkere freondinne fan de jonge krige sneon yn Balk rassistyske misledigings oer har hinne. De Nijemardumer makke him der lulk om en waard yn inoar slein troch de manlju dy't har misledigen. Ek in freon fan him krige klappen.
De plysje hat twa Balksters fan 18 en ien fan 21 oanhâlden yn ferbân mei dizze saak.