"Steuring spoarbrêge oer"

09 okt 2007 - 16:03

Spoarbehearder Prorail ferwachtet dat de steurings oan de brêge by Akkrum oer binne. De ôfstelling fan de sensoaren is feroare sadat dy de brêge wat minder gau op 't slot sette.

As de spoarbrêge iepen west hat, registreare de sensoaren oft der net ien yn de knipe komt as er wer ticht giet. Der waard lykwols ek alarm slein, as der net ien gefaar rûn. De brêge blokkearre dan en dat hie lange treinfertragingen ta gefolch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)