Plysje siket eigners jassen

09 okt 2007 - 15:44

De plysje siket yn de saak fan de brânstifting yn in hûs yn Wikel nei de eigners fan twa opfallende jassen. De jassen sieten yn in fytstas dy't de plysje fûn hat.

De plysje is benijd nei de identiteit fan de eigners en freget elk dy't ien of beide jassen herkent, om dat te melden. Dat kin op nûmer 0900-8844. De plysje hat in fertochte oppakt, mar kin de saak tsjin de man dreech rûnkrije.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)