Proefsliepe yn ferpleechhotel

© Omrop Fryslân
Soarchsintrum De Hofwijck yn Ljouwert hat moandeiteinacht in test dien mei syn revalidaasjehotel. In groep fan trettjin proefpersoanen hat der sliept om te sjen hoe't it stiet mei de kwaliteit fan de keamers en de bêden. Se moasten krekt dwaan as at se siik wiene.
De bedoeling fan it ferpleechhotel is dat minsken ha dêr nofliker fiele as yn in ferpleechhûs. Oer twa wiken is de offisjele iepening.