Vandenbussche net mei België

Brian Vandenbussche is net beskikber foar de reade duvels (foto Martin de Jong)
Hearrenfean-keeper Brian Vandenbussche hat him by it Belgyske fuotbalbûn ôfmeld foar twa ynterlâns. België spilet de kommende wike yn de kwalifikaasje foar it Europeesk kampioenskip tsjin Finlân en Armeenje.
Vandenbussche hat noch hieltyd lêst fan in blessuere oan de knibbel. Dêrtroch spile hy ek net mei Hearrenfean tsjin Heracles. De keeper moat twa wike rêst nimme en hopet der 21 oktober tsjin AZ wer by te wêzen.