Boereprotest tsjin fergoeding

© Omrop Fryslân
Boeren yn de noardlike Fryske Wâlden protesteare tsjin de fergoeding dy't se krije foar har agrarysk natuerbehear. It wurk fan de boeren wurdt ôfmjitten oan lanlike kritearia en dy slute net oan op de praktyk. Boeren krije sa net de fergoeding dêr't se rjocht op ha.
Der binne mear as tachtich beswierskriften yntsjinne. It skeel oer de fergoedings kin liede ta rjochtsaken.