Kommissaris Nijpels hâldt op

Nijpels hâldt op fanwege de karriêre fan syn frou, Elsbeth Janmaat
Kommissaris fan de Keninginne Ed Nijpels hâldt der takom jier maaie mei op. Dat skriuwt er yn in brief oan Provinsjale Steaten. Nijpels hat dan njoggen jier Kommissaris west.
Nijpels wol ophâlde omdat syn frou in baan yn it bûtenlân krigen hat. De kommissaris fynt dat syn wurk en de nije baan fan syn frou net te kombinearjen binne. Dêrom hat er de Keninginne frege him ûntslach te ferlienen.