Bou autogaraazje fan de baan

09 okt 2007 - 10:47

De bou fan in nije autogaraazje fan autobedriuw Bouma en Sepp op it yndustryterrein De Hemrik yn Ljouwert giet net troch. Dêr soene auto's fan Nissan en Renault ferkocht wurde.

It autobedriuw hat de plannen no feroare, omdat it âlde gebou fan Renault te keap wie. De oanlieding foar de bou fan de grutte autogaraazje is no fuortfallen. De garaazjes fan Renault en Nissan bliuwe sitten no wêr't se al binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)