Nij plysje-ûndersyk Vaatstra

Marianne Vaatstra waard yn 1999 by Feankleaster om it libben brocht
Justysje yn Ljouwert ûndersiket op 'e nij de moard op Marianne Vaatstra. Resjersjeurs dy't net earder by de saak belutsen wiene, hâlde mei nije techniken alle dossiers nochris tsjin it ljocht.
Fierders wurdt it plak dêr't Vaatstra yn 1999 fermoarde en ferkrêfte waard op 'e nij besjoen. Dêrby wurdt mooglik in 3D-technyk brûkt om sa it moardplak better yn byld te bringen. It team is op 1 oktober út ein set.