Botsauto's stellen

08 okt 2007 - 11:52

Fan in merkeman út Kollum binne dit wykein twa botsauto's stellen. Van Kammen stie mei de botsauto's op 'e merke yn Sidebuorren yn Grinslân. Dêr binne twa karkes stellen en ien stikkenmakke. De skea wurdt rûsd op 10.000 euro.

Ien fan 'e botsauto's is fierderop weromfûn. It weintsje is nei alle gedachten achter in gewoane auto oan sleept. Dat tinkt de merkeman oan 'e skea te sjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)