Autorace foar it goede doel

08 okt 2007 - 10:06
  • in wedstriidbyld fan de 4 wheel autorace fan 'e Rotary (foto Lenus van den Broek)

In autorace by Nijeholtpade hat sneon 12.500 euro opsmiten foar it goede doel. De Rotary Wolvegea hie de race organisearre. Der diene 150 terreinauto's oan mei. It parcours wie op it terrein fan in sânwintput.

De opbringst giet nei in projekt foar allinnichsteande âldere minsken yn Weststellingwerf. Fierders krijt in stifting dy't him ynset foar duorseme wetterfoarsjennings yn ûntwikkelingslannen ek jild.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)