Ynbrekker naait út mei boat

08 okt 2007 - 09:55

In ynbrekker is snein op 'e flecht slein foar de wetterplysje. Op it PM-Kanaal yn Lemsterlân naaide de man út mei in rubberboat doe't de plysje deroan kaam. De plysje gie der achteroan. De man is de wal op sprongen en fuortrûn, Sykjen mei speurhûnen hat neat opsmiten.

Yn syn flecht hat de man in tas falle litten mei ynbrekkersark. De plysje tinkt dat de boat stellen is. De wetterplysje Snits ûndersiket de saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)