Motorcrosser ferwûne by fal
In motorcrosser út Sint Jabik is sneon ferwûne rekke by it útoefenjen fan syn sport. De 19-jierrige jongeman wie fallen mei de motor doe't er oer in skâns ride woe. It ûngelok barde oan de Aldebiltdyk.
De crossers is mei pine yn 'e nekke oerbrocht nei sikehûs MCL yn Ljouwert. De plysje hat assistinsje ferliend by it ûngelok.