Opnij ferlies foar Snits

07 okt 2007 - 16:35

Sneonshaadklasser Snits ferlear snein yn en tsjin Lienden op 'e Betuwe mei 2-1. De Friezen spilen net al te bêst. Troch in doelpunt fan Hendriks stie Snits mei it skoft mei 1-0 achter. Nei it skoft waard it ek noch 2-0.

Klaas Schotanus makke de iennige treffer foar Snits. Anton de Haan hie yn blessueretiid noch in wol in kâns, mar de bal waard fan 'e line helle. Snits ferliest dêrmei foar de tredde kear achterinoar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)