Fûgelhelling wol fergunning

© Omrop Fryslân
De Fûgelwacht yn Oerterp hopet takom jier in fergunning te krijen foar it legaal opfangen fan sûchdieren, wêrûnder stikelbargen. No wurdt de opfang tastien, mar de opfang is yn feite yllegaal.
De wiete hjerst fan dit jier soarget foar topdrokte mei stikelbargen yn de Fûgelhelling. Ofrûne sneon hie de opfang iepen hûs spesjaal foar bern. De Fûgelhelling wachtet al lang op de legalisearring fan sûchdieropfang.