Hûnútlitter stutsen yn Dronryp

In 59-jierrige man út Dronryp is sneontenacht yn syn wenplak troch in ûnbekend persoan mei in skerp ding stutsen. It slachtoffer is mei fewûnings oan syn liif nei it sikehûs yn Ljouwert brocht. Syn libben is net yn gefaar. De man hat wie troch twa ûnbekende minsken oansprutsen doe't er mei de hûn rûn. De plysje sil de stekpartij fierder ûndersykje en freget tsjûgen harren te melden.