Heftruck ramt winkel Wolvegea

07 okt 2007 - 12:40

Yn Wolvegea is yn 'e nacht fan sneon op snein ien mei in foarkheftruck op in supermerk ynriden. De winkel stiet oan 'e Sportleane. Foar safier bekend binne der gjin saken stellen.

Nei alle gedachten wie net de winkel, mar in jildautomaat yn 'e buert it doelwyt. It kin ek om baldadigens gean, sa tinkt de plysje. Fierder ûndersyk moat dêr dúdlikens oer jaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)