Elma de Vries wint maraton

© Omrop Fryslân
Elma de Vries fan De Haule hat sneon yn Amsterdam de alderearste maraton fan de KNSB-kompetysje op har namme skreaun. De Fryske hurdrydster fersloech nei sechtich rûntsjes har ploechgenoate Mireille Reitsma yn 'e einsprint.
De Vries en Reitsma ûntsnapten yn 'e einstriid út it peleton en wiene net mear yn te heljen. Daniëlle Bekkering wie de fluchste fan 'e achterfolgers en waard tredde.