WHC te sterk foar ONS

© Omrop Fryslân
ONS Snits hat sneontemiddei thús mei 1-0 ferlern fan WHC út Wezep. De iennige goal fan de wedstriid foel yn de earste helte en waard makke troch Reinder Slager. Dat is de broer fan Harkemase Boys spiler Jelmer Slager.
Yn de slotfaze besocht ONS noch in slotoffensyf yn te setten, mar eins hie WHC dien wurk meitsje moatten troch de 2-0 te skoaren. ONS stiet nei seis wedstriden op it sechde plak yn de sneonshaadklasse C.