IIshal Ljouwert wol nij plak

06 okt 2007 - 16:01

De iishal Ljouwert wol in nij ûnderkommen yn de wyk Súdlannen. Dat is sneon by de iepening fan it nije iisseizoen bekend wurden. De iishal wol graach in nije, gruttere lokaasje. Boppedat binne de iismasines nei tritich jier oan ferfanging ta.

De ferwachting is dat binnen twa jier it beslút falt oer de bou fan in nije hal. De direksje wol har benammen rjochtsje op bern en gesinnen. Mooglik komt der ek in iishockeyskoalle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)