Yousef wint heale maraton

06 okt 2007 - 15:18
  • Saher Yousef (argyf); in abonnemint op de winst yn Drachten

Saher_Yousef hat sneon foar de sande kear de heale maraton fan Drachten wûn. Nei njoggen kilometer rûn de Feanster fuort by mei-koprinner Benjamin_Kok. Yousef kaam úteinlik nei 1.10,31 oer de finish, tweintich sekonden foar Kok.

It tredde plak wie foar Martin_Ketellapper, yn 1.14,31. By de froulju wûn Inge_van_Schick, yn 1.40,57.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)