Strjitrôf yn Ljouwert

06 okt 2007 - 15:13

De plysje yn Ljouwert docht ûndersyk nei in strjitrôf, freedtejûn op de Stasjonswei. Dêrby ha trije noch ûnbekende fertochten mei geweld de beurs stellen fan in 59-jierrige Ljouwerter.

It slachtoffer kaam fan it stasjon en rûn yn de rjochting fan de Skrâns. Ter hichte fan in steech fûn de oerfal plak. De fertochten binne der op de fyts fan troch gien yn de rjochting fan de biblioteek.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)