Ek jild fuort nei brân

Fan 'e útbaarnde klûs is suver neat mear oer
By de brân yn doarpshûs De Beijer yn Rinsumageast is ek de klûs mei dêryn 1300 euro ferlern gien. Dat is in flinke tebeksetter foar it doarpshûsbestjoer dat tocht dat it jild yn de klûs der noch wol wêze soe.
Moandei sil it bestjoer te set oer hoe't it moat mei tydlike húsfesting. De gemeente Dantumadiel hat in foarstel dien om de aktiviteiten yn it doarphûs foarearst yn in âlde skoalle yn it buertskip Ikkerwâld te hâlden.