Lestige man oanholden

06 okt 2007 - 13:40

Oan de Dwarshaer yn Easterwâlde hat de plysje sneon in 30-jierrige ynwenner fan dat plak oanholden, omdat er net nei de plysje harkje woe. De fertochte stie foar in wente bier te drinken en gie dêrnei yn syn auto sitten en joech gas sûnder fuort te riden.

De plysje frege de man om te foet fuort te gean, mar dy wegere dit. In twadde fertochte, in 38-jierrige ynwenner fan Easterwâlde, misledige de plysjeminsken en is ek oanholden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)