Autodieven oanholden

06 okt 2007 - 12:23

De plysje yn Ljouwert hat sneontemoarn oan de Pioenstrjitte yn de haadstêd twa autodieven oanholden. De beide manlju, in 19-jierrige ynwenner fan Ljouwert en in 18-jierrige Grinzer, wiene der by in alkoholkontrôle op de Keizersgracht fan troch gien.

De plysje sette de achterfolging yn en koe de fertochten oanhâlde. De auto wêryn de beide manlju riden blykte stellen te wêzen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)