Man stoarn nei busynsident

06 okt 2007 - 12:18

De 49-jierrige man út Minnertsgea dy't ferline wike belutsen wie by in fjochtpartij yn in bus, is woansdei stoarn. Dat hat de plysje bekend makke.

De man dy't ûnder ynfloed fan drank en drugs wie, woe yn Harns op de bus stappe. Dêrby krige er spul mei de sjauffeur. Nei de fjochtpartij waard de Minnertsgeaster yn de plysjesel net goed en rekke yn koma. Woansdei is er stoarn. Justysje stelt in ûndersyk yn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)