MFS Feanwâlden wat tichterby

© Omrop Fryslân
It multifunksjoneel sintrum yn Feanwâlden is in stapke tichterby kaam troch de oankeap fan de âlde drogisterij yn de Haadstrjitte.
Der wurdt al jierren neitocht oer de bou fan in multifunksjoneel sintrum. Dat soe yn it nije winkelsintrum de Koemarkt yntegreard wurde. Mar dat is no definityf fan de baan. Der is neffens wethâlder Van der Ploeg in nije situaasje ûntstien.