Debat oer keunstbelied

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert wol mei de ynwenners fan de stêd yn debat oer de takomst fan it keunst- en kultuerbeleid yn de gemeente. Alle mooglike doelgroepen wurde ynkoarten útnoege om op spesjale debatjûnen te praten oer it beleid 2008-2009.
Oan de hân fan de útkomsten fan dy debatten wol de gemeente dan in kultuernota skriuwe. De gemeenteried soe dernei oer de útkomst ta set moatte.