Oaljefanten yn Ljouwert

It wie in spektakulêr gesicht, twa oaljefanten fan Sirkus Renz midden yn sintrum fan Ljouwert. Sy wiene freed yn Ljouwert foar de presintaasje fan de Hollânske ferzy fan Lida Dykstra har boek Spiegelspreuk.
It boek ferskynde ein augustus al yn it Frysk. It boek spilet yn de 18de ieu en giet oer Prins Willem dy't nei Ljouwert komt en mei tsjoenderij te meitsjen krijt. De oaljefanten kuieren oer it Aldehoustertsjerkhôf.