Horesca lûkt 10.000 minsken

© Omrop Fryslân
De 46ste Horesca yn it WTC Expo yn Ljouwert is troch sa'n 10.000 minsken besocht. Dat binne der twa-en-in-heal kear safolle as ferline jier.
De trijedaachse hoarekafakbeurs foar Noard-Nederlân waard foar de twadde kear hâlden yn it Ljouwerter beursgebou. De measte besikers kamen út Fryslân. De Horesca waard earder altyd hâlden yn de Prins Bernhard Hoeve yn Súdlaren.