Besunigings yn Dongeradiel

05 okt 2007 - 13:54

Yn Dongeradiel is fiif jûnen lang praat oer 44 mooglike besunings fan de gemeente. De rie wol jild frijmeitsje foar nij belied, mar dêrfoar moat op besteande saken besunige wurde.

Belanghawwenden koene op fiif harksitten de riedsleden fertelle wêrom't de besunigings net in goed idee binne. Tongersdeitejûn wie de lêste. Út de ynspraakreaksjes die bliken dat de besunigings tige yngripend erfaren wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)