Frjentsjer finansjeel wer sûn

© Omrop Fryslân
Takom jier is der wer jild foar biblioteekfoarsjennings yn de doarpen fan Frjentsjerteradiel. Ek komt jild frij foar de oanpak fan diken yn de gemeente. Dat stiet yn de begrutting fan 2008.
Nei in pear jier wêryn't it finansjeel minder gong, liket Frjentsjerteradiel it wer op de rails te hawwen. It kolleezje hâldt jild achter de hân foar projekten as de ferpleatsing fan de fuotbalfjilden.