130 opsizzings Friesland Foods

130 melkfeehâlders hawwe per 31 desimber 2007 har lidmaatskip opsein fan Friesland Foods. Dy binne goed foar 110 miljoen liter molke. It lei al wat yn de ferwachting dat der in soad opsizzings komme soene. Leden koene oant 1 oktober betankje as lid.
In soad boeren binne ûntefreden oer de molkpriis dy't se barre by Friesland Foods. By oare fabriken kinne se mear krije. Mei-elkoar binne 9700 melkfee- bedriuwen lid fan Friesland Foods.