Brân doarpshûs Rinsumageast

05 okt 2007 - 06:15

By in grutte útslaande brân yn Rinsumageast is doarpshûs de Beijer folslein ferlern gien. Hoe't it fjoer ûntstien is, is noch net bekend. De brânwachtkorpsen fan Dokkum en Damwâld ha de brân bestriden.

De brân yn it doarpshûs is in grutte slach foar Rinsumageast. Hast alle ferienings en klubs yn it doarp meitsje gebrûk fan de Beijer en ha no dus gjin ûnderkommen mear. Der binne wol nijbouplannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)