Snitser tinkstien nominearre

© Omrop Fryslân
De betinkflinter fan stienhouwer Molenmaker út Snits is nomineard foar de International Funeral Award 2007. Dat is in priis foar bedriuwen út Nederlân, Dútslân en België mei fernijende ideeën rûnom it ferstjerren fan minsken.
Syn betinkflinter kin as tinkstien op in struifjild of yn de berm nei in ferkearsûngefal pleatst wurde. Bysûnder is dat de minsken de opdruk fan de flinter sels ûntwerpe kinne.