Stevige groei waskerij Rentex

Rentex Floron hat it drok
De yndustriële waskerij Rentex Floron yn Boalsert siket tsientallen nije wurknimmers. It bedriuw hat in tal opdrachten krigen en moat dêrtroch sa'n 40 nije wurknimmers ha. Dan wurkje der 350 minsken by de waskerij.
It susterbedriuw de Blinde op it Hearrenfean ferwachtet de kommende jierren ek te groeien, fan 100 nei 200 wurknimmers. Yn it bûtenlân giet it ek goed mei Rentex. Der komme fabriken yn Súd-Afrika, Tailân en Maleisië.